Nij Thialf kin foar 50 miljoen

24 maaie 2013 - 17:22
  • In ympresje fan it nije Thialf

De bou fan in fernijd Thialfstadion mei in wedstrydbaan en trainingsmooglikheden foar topsporters, kin foar in bedrach fan 50 miljoen euro. Dat is dúdlik wurden út in petear tusken de provinsje en Friso Bouwgroep. Yn it hjoeddeiske stadion sitte safolle ûnderdielen dy't opnij brûkt wurde kinne, dat der gjin 81 miljoen nedich is foar nijbou. Dat bedrach waard earder troch de provinsje wol nei bûten brocht.

De provinsje is wiis mei de útkomst fan it petear. It soe betsjutte dat der gjin ekstra jild fan eksterne partijen nedich is.

De provinsje is sels ree om 50 miljoen euro te ynvestearjen. De bou kin dêrmei trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)