Man (93) rydt tsjin wenhûs

24 maaie 2013 - 16:41

In automobilist (93) is tongersdei yn Ljouwert tsjin in hûs oan riden. By it ûngelok miste de bestjoerder in boartsjend jonkje mar krekt. De man ried oer de krusing fan de Harnzerstrjitwei mei de Marsumerstrjitte en woe mooglik útwike foar in fytser.

Yn stee derfan joech de man gas en ried de auto troch de tún, tsjin it hûs oan. In jonkje dat yn de tún op in trampoline boarte, waard mar krekt mist. De fytser waard rekke, mar kaam mei de skrik frij, lykas de bestjoerder fan de auto. De auto en it hûs rekken skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)