Ekstra sneltrein nei Grins

24 maaie 2013 - 15:52

Der komt definityf in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Dy moat yn 2017 ride. Om dat mooglik te meitsjen moatte perrons geskikt makke wurde en moat in part fan it spoar ferdûbele wurde. Hjirfoar is 120 miljoen euro beskikber steld út it kompensaasjefûns foar it net trochgean fan it Suderseespoar.

De oanbesteging fynt yn 2014 plak. Fierder wurdt noch dit jier útein set mei de tarieding foar de bou fan in stasjon op de Werpsterhoeke, by ferkearsknooppunt Wâldwei/Heak om Ljouwert. It stasjon moat yn 2025 klear wêze.

Likegoed wolle de gemeente Ljouwert en de provinsje no al mei it wurk begjinne. De ôfspraken oer de ekstra trein en oer it treinstasjon by de Werpsterhoeke binne makke op it noardlik spoaroerlis yn Assen. Fryslân waard dêr fertsjintwurdige troch deputearre Johannes Kramer en wethâlder Thea Koster fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Grins Grinslân sneltrein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)