Free Record Shop fallyt

24 maaie 2013 - 15:16

De Free Record Shop freget moandei it fallisemint oan. It bedriuw hat noch trije winkels yn Fryslân; yn Ljouwert, Snits en Drachten. De direksje wol yn oerlis mei de kurator sjen oft in trochstart mooglik is. Dêrneist wurdt sjoen nei mooglikheden om winkels iepen te hâlden. De direksje tinkt sels dat de kâns dat winkels iepen bliuwe, grut is.

It bedriuw stiet al jierren ûnder druk omdat hieltyd mear cd's en films op ynternet kocht en delhelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)