Wynhoas boppe It Amelân

24 maaie 2013 - 15:08

Boppe it Waad, flakby natoergebiet it Oerd op It Amelân, wie freedtemiddei om healwei trijen hinne in grutte wynhoas te sjen. De wynhoas kaam út in swiere bui út it súdwesten wei.

De wynhoas duorre in pear minuten, mar rekke de grûn net. Jacht- en terreintafersjochhâlder Richard Kiewiet fan it Oerd hat in foto makke fan it bysûndere natuerferskynsel. Eardere wynhoazen hawwe op It Amelân foar in soad skea soarge. De barde ûnder oare yn de jierren '70 fan 'e foarige ieu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)