Man (70) bedriget bern mei mes

Plysje-embleem © ANP
In man (70) út Koatstertille is tongersdei troch de plysje oanhâlden omdat er trije bern mei in mes bedrige hie. De man waard troch de bern pleage. Sa waard modder tsjin syn ruten gooit. Doe't dit barde rûn de situaasje út de hân. De man is oanhâlden en heard op it plysjeburo.
De plysje sil ek prate mei de narjende bern. Ek de wykagint sil ynskeakele wurde yn it skeel.