Oanbod foar fergees iis Thialf

24 maaie 2013 - 13:16
  • Thialf, It Hearrenfean

It bestjoer fan Stichting Business Club Thialf wol mei de KNSB prate oer de mooglikheid om fergees iis oan te bieden, as Thialf oanwiisd wurdt as nasjonaal topsportsintrum. De business club wol hjirfoar 2 ton op tafel lizze. Op dizze wize hopet it bestjoer tichter yn de buert te kommen fan de plannen fan Almere.

Yn it bidbook fan de hal yn Almere wurdt 20 oeren fergees iis oanbean. It stichtingsbestjoer docht dit bod yn de hope dat KNSB en sportkoepel NOC*NSF de foarkar fan de beoardielingskommisje foar Almere oan de kant lizze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)