Sloeperûte Wurdum iepene

24 maaie 2013 - 13:00
  • Wethâlder Isabelle Diks iepene de sloeperûte
  • Deputearre Jannewietske de Vries wie der ek

De sloeperûte tusken Ljouwert en Wurdum is freedtemoarn iepene. It is it earste diel fan 'e farrûte foar sloepen tusken Grou en Ljouwert. De ôfrûne jierren binne de brêgen tusken Wurdum en Ljouwert ferhege oant 1 meter 50. De rûte moat soargje foar mear wurk yn 'e rekreaasje. Mar ek foar de minsken dy't lâns de rûte wenje is it handich. Dy kinne no mei de boat nei Ljouwert farre.

De kommende jierren wurde de brêgen tusken Wurdum en Grou ferhege. Dat is it twadde diel fan 'e rûte. It ferheegjen fan 'e brêgen hat oant no ta acht ton koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)