Himpplantaazje yn Trebol Harns

24 maaie 2013 - 11:38
  • Trebol: njonken teater ek himpkwekerij

Yn it gebou fan teater Trebol yn Harns hat de plysje tongersdei in himpkwekerij yn oanbou ûntdutsen. It gebou wie geskikt foar tûzenen planten. In man fan Sint Jabik (45), in Seisbierrumer (47) en in Ljouwerter (25) wiene dwaande de kwekerij yn te rjochtsjen. Alle apparatuer is yn beslach naam.

Ek yn Frjentsjer binne trije minsken oanhâlden foar it kweken fan himp. It giet om in man út Dwingeloo (29), in Harnzer (29) en in man fan It Hearrenfean (39). Yn it ûndersyk kaam in bedriuw oan de Jan Staperleane yn byld.

Yn twa romten binne tûzen hennepplanten fûn. De planten en in jildbedrach binne yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôftape.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)