Aris net kampioen fan Nederlân

23 maaie 2013 - 22:50

Basketbalklup Aris is gjin kampioen fan Nederlân wurden. Leiden wûn de fjirde wedstriid op It Kealledykje mei 65-59. Dêrmei kaam it op in beslissende 4-0 foarsprong. Lykas yn alle oare wedstriden wie Aris wer net kânsleas, mar wie Leiden op de beslissende mominten krekt wat tûker.

Healweis wie it noch net beslist: 30-32. Yn it tredde kwart kaam Aris 39-32 foar, mar mei in run fan 12-0 rûn Leiden út nei 39-44 en dy foarsprong hâlden se fêst. Aris krige nei ôfrin wol de medaljes foar it twadde plak; de bêste prestaasje út de histoarje ea.

Trefwurden: 
Aris basketbal Leiden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)