Fjoertoertop op stoomsleper

Koepel fan de fjoertoer © Omrop Fryslân
De âlde koepel fan de fjoertoer fan Flylân wurdt mei in stoomsleepboat nei it eilân brocht. De koepel stiet no noch yn Hendrik Ido Ambacht. Dit wykein set it ferfier útein. De sleper De Adelaar sil it koperen bouwurk fan de skipswerf nei Flylân bringe.
De koepel waard midden jierren tachtich ferfongen en omdat it net slagge in bestimming op it eilân te finen, rekke de top wei. Yn Hendrik Ido Ambacht wie de koepel yn gebrûk as theehûs, op Flylân wurdt er brûkt as kiosk by de midgetgolfbaan.