Priis foar troan Spoarsiker

23 maaie 2013 - 20:56

Basisskoalle de Spoarsiker fan Ychtenbrêge hat de moaiste troan fan Nederlân makke. Foar de achtste kear mochten skoalbern in eigen troan ûntwerpe, meitsje en opfervje. De Spoarsiker wûn earst al de Fryske finale, mar krige tongersdei yn Alphen aan den Rijn ek de priis foar hiel Nederlân.

De bern hiene in troan makke mei ôfbyldingen fan de Amerikaanske keunstner Keith Haring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)