Oerfal goudbus: seis jier sel

Tsjin de man dy't yn juny ferline jier in goudbus yn de Ljouwerter wyk Bilgaard oerfoel, is seis jier sel easke. De 29-jierrige Ljouwerter skeat fjouwer kear op in meiwurker fan de bus, in 28-jierrige Rotterdammer. Hy rekke slim ferwûne, mar hâldt neat oan de oerfal oer. Dat die bliken by de ynhâldike behanneling fan de saak foar de rjochtbank tongersdei.
Tsjin twa oare fertochten fan 24 en 27 jier is twa en fjouwer jier sel easke.