Reedrydsponsor fuort om Thialf

In ympresje fan it nije Thialf
Yngenieursburo Clafis fan It Hearrenfean lûkt him as sponsor werom út de reedriderij as de nije topsportiisbaan nei Almere giet. Direkteur Bert Jonker fan Clafis seit dat sa'n stap 'yn de rede leit' as Thialf en It Hearrenfean harren posysje as reedrydmekka en reedrydhaadstêd fan de wrâld kwytreitsje.
Jonker hat plannen foar in nije ynternasjonale reedrydploech dy't nei de Olympyske Winterspelen yn Sotsji los moatte soe. Dy plannen geane 'de iiskast yn' as de KNSB en NOC*NSF de foarkar jouwe oan Almere.