'Burdaard yn hannen lânmacht'

23 maaie 2013 - 15:54
  • De transporthelikopter bringt de militêren yn Burdaard
  • De oefening by Burdaard
  • Reade baretten by in oefening by Burdaard

Burdaard wie tongersdei it dekôr foar in grutte oefening fan de lânmacht. Mei in transporthelikopter waarden sa'n tritich saneamde reade baretten dropt by de wettersuvering.

De ynstallaasje wie by wize fan oefening yn hannen fan in fijân. 500 militêren fan de loft- en de lânmacht binne dizze wiken oan it oefenjen yn Fryslân en Grinslân om har ta te rieden op ynternasjonale missys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)