Noch gjin sicht op herstel

© foto Omrop Fryslân
It giet noch hieltyd min mei de ûntwikkeling fan de wurkgelegenheid yn it bedriuwslibben. Foaral de bou hat it swier. Dat blykt út de konjunktuer-enkête foar it twadde fearnsjier. De aktiviteit yn it bedriuwslibben lûkt yn it twadde fearnsjier hast altyd in bytsje oan, mar yn de bou is dy ferwachting der net. Dêr wurdt in fierdere achterútgong ferwachte.
Yndustry en detailhannel profitearje fan de eksport en harren omsetten bliuwe dêrtroch aardich op peil, sa liket it.
Neffens Eric Jansen fan de Keamer fan Keaphannel moat de oerheid de bou no echt helpe, net allinnich mei de finansiering fan nijbou mar ek mei inisjativen foar ûnderhâld en enerzjybehear. Foaral lytse boubedriuwen kinne dêr fan profitearje tinkt hy.