'Fryske kust op Unesco-list'

© Omrop Fryslân
De hiele Fryske kust, fan De Lemmer oant Eastmahorn, moat op de Unesco-list fan wrâlderfguod komme. Dat fynt de steatefrakasje fan de PVV. De partij fynt it fan grut belang foar it behâld fan it Frysk kulturele erfguod dat de hiele Fryske kust beskerme wurdt. Dat jildt al foar de Waadkust, mar dat soe trochlutsen wurde moatte fan de Ofslútdyk oant De Lemmer. Dat soe ek in belangrike ympuls oan de rekreaasje en it toerisme jaan kinne.
De PVV fynt dat deputearre steaten har der foar ynsette moatte om de Fryske kust op de Unesco-list te krijen