Jild foar enerezjybesparring
Minsken dy't har eigen hûs enerzjysuniger meitsje wolle, kinne fan 1 juny ôf jild liene by de provinsje. Fryslân komt yn gearwurking mei Grinslân en Drinte mei in duorsumheidsliening fan op syn meast 2,4%. Dat is folle leger as it rintetaryf fan de banken.
Betingst is dat de oanfreger fan de liening eigener en bewenner fan it hûs wêze moat. Boppedat moat it hûs fan foar 1995 wêze en de eigener moat op syn minst 2500 euro yn enerzjybesparjende maatregels stekke wolle. Oanfragen kinne oant ein 2013 yntsjinne wurde.