Man berôve yn Ljouwert

Plysje-embleem © ANP
De plysje ûndersiket in berôving oan de Essenstrjitte yn Ljouwert, In 30-jierrige man brocht yn de nacht fan woansdei op tongersdei in pûde smoargens nei de kontener doe't twa ûnbekende manlju op him ôfkamen. Ien fan de manlju skuorde him syn ketting fan de hals en dêrnei naaiden beide oerfallers út.
De plysje hat noch om harren socht, mar koe se net mear fine. It slachtoffer hat oanjefte dien.