Dealers oppakt yn Easterwâlde

23 maaie 2013 - 10:28

Yn Easterwâlde binne woansdei twa manlju oanhâlden fanwege besit en hannel yn harddrugs. De plysje hie in tip krigen dat der fanút in hûs oan de Tjongerhof deald wurde soe. De 37-jierrige bewenner ûntkende dat, mar de plysje fûn op in sliepkeamer in 22-jierrige man út Den Haach dy't him ferstoppe hie. Bûten lei ûnder it sliepkeamersrút in pûde mei boltsjes heroïne en kokaïne. De man út Den Haach hie dat nei alle gedachten gau nei bûten smiten.

De plysje hat ek in soad jild fûn. Jild en drugs binne yn beslach nommen. De manlju sitte fêst.

Trefwurden: 
Easterwâlde harddrugs hannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)