Bouwmeester en Postma tredde

22 maaie 2013 - 21:03

Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma stean nei de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta op 'e Iselmar by Medemblik op in tredde plak. Nei har 6e, 3e en 4e plak fan tiisdei sylde Bouwmeester woansdei yn har Laser Radial twa kear nei in twadde plak. Se hat no alve punten, seis mear as de Britse Alison Young en fjouwer mear as de Ierse Annalise Murphy. Pieter-Jan Postma wûn twa kear en waard in kear 10e. Op de earste dei hie er 5, 6 en 6 besyld. Yn de Finn hat er no 19 punten. De Brit Andrew Mills is lieder mei 13, Caleb Paine (Amearika) hat 16.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)