Petear minister oer Prins

Prins Dokkum © Omrop Fryslân
Minister Asscher fan Sosjale Saken giet yn oerlis mei Fryske bestjoerders om te besjen oft de wurkgelegenheid by Prins Dokkum dochs noch behâlden bliuwe kin. Dat hat de minister woansdei yn de keamer tasein. Hy die dat op oantrunen fan it CDA en de SP. In tal wurknimmers fan Prins wie nei Den Haach ôfreizge om in petysje oan te bieden oan de Twadde Keamer.
Memmebedriuw Saferoad wol it bedriuw slute. De wurknimmers fiere al wiken aksje om dat foar te kommen.
Neffens minister Asscher soe ek de Noardlike Untwikkelingsmaatskippij, de NOM, in rol spylje kinne yn it skeel tusken de wurknimmers en de direksje. Sa soe de NOM in nij bedriuw sykje kinne dat it plak en de wurknimmers fan Prins oernimme wol.