Boeren bringe útstjit werom

22 maaie 2013 - 17:04

Barge- en pikeboeren hawwe yn de ôfrûne jierren de útstjit fan ammoniak mei de helte werombrocht. Dat seit it LTO yn reaksje op in rapport fan de Rekkenkeamer, dêr't ynstiet dat de boeren lang net genôch dogge oan it dongprobleem en it wolwêzen fan de bisten. Neffens de LTO dogge de boeren wol genôch, mar wurkje de regels fan de oerheid net goed en wurdt net adekwaat kontrolearre. Sa krijt in inkele boer de kâns om it net goed te dwaan. De Rekkenkeamer hâldt der ek gjin rekken mei dat ferkear en fabriken foar mear stikstof yn de loft soargje.

Trefwurden: 
boeren LTO útstjit ammoniak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)