Mooglik trochstart foar Vadeko

22 maaie 2013 - 16:53

Personiel fan it fallite Vadeko Houtconstructies yn Winsum hâldt rekken mei in mooglike trochstart fan it bedriuw troch de eardere eigener Sierd van der Kooij. Dizze opsje kaam woansdei op tafel op in byienkomst fan personiel mei de fakbûnen CNV en FNV yn Ljouwert.

Vadeko Houtconstructies is tiisdei fallyt ferklearre. De goed tritich personielsleden binne no wurkleas. Vadeko makke en levere prefab-dakken en houtskeletkonstruksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)