Bilkerts befreegje oer fúzje

Gemeente It Bildt
De Bildtse Post wol ûndersykje oft op It Bilt draachflak is foar in fúzje mei de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel en Menameradiel. Ried en kolleezje fan It Bilt wolle sa'n fúzje, mar ha net oerlein mei de ynwenners. Der is gjin enkête of in referindum hâlden en der ha ek gjin ynfojûnen west. De gemeente hat net foldien oan de wetlike plicht, neffens de krante.
Studinten fan de NHL Ljouwert fiere it ûndersyk ûnder de Bilkerts út. De minsken meie sizze oft se fusearje of selsstannich bliuwe wolle.