Ofsizzing Vuelta falt min

22 maaie 2013 - 16:07

De Fryske gemeenten binne min te sprekken oer it beslút om de Ronde fan Spanje, de Vuelta, net yn Nederlân starte te litten. Doel wie om fiif etappes yn Nederlân te riden, werfân twa yn Fryslân. Dokkum soe in startplak wêze en Ljouwert krige in finish. Mar it giet net troch en dat komt nei alle gedachten omdat de Tour de France yn 2015 ek yn Nederlân start. Mar dêr is offisjeel noch neat oar meidield. De gemeenten binne foaral min te sprekken oer dat sa'n wichtich evenemint mei in sms-berjocht ôfsein is, wylst alles al yn kalk en semint wie.

De tanimmende kosten foar it organisearjen fan etappes yn it bûtenlân binne de reden dat de Vuelta yn 2015 net yn Fryslân komt. Dat hat de organisaasje fan de Ronde van Spanje yn in mail oan de provinsje Fryslân witte litten. De minne ekonomyske tiden twinge de Vuelta ta it beslút net hjirhinne te kommen. Boppedat neamt de organisaasje it te koart dei om alles goed ta te rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)