Petysje Prins Dokkum oanbean

22 maaie 2013 - 15:57
  • Staking Prins Dokkum

In delegaasje fan meiwurkers fan fangrailfabryk Prins Dokkum hat woansdei yn Den Haach in petysje oanbean oan de leden fan de Twadde-Keamerkommisje Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Yn dy petysje dogge sy in oprop om de sluting fan Prins Dokkum te kearen. Dêrneist wolle de meiwurkers dat de regels foar ûntslach feroare wurde.

De petysje is yn ûntfangst naam troch ûnder oare de keamerleden Lutz Jacobi en Mariëtte Hamer. Dêrnei is yn de kommisje noch ynhâldlik praat op de sluting fan it fabryk. De 34 meiwurkers fan Prins fiere al wiken aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)