Koälysje achter nij Thialf

22 maaie 2013 - 12:18
  • Thialf, It Hearrenfean

De koälysjepartijen yn provinsjale steaten steane noch hieltyd achter de deputearren as it giet om de komst fan in nij Thialf op It Hearrenfean. De steaten praten der woansdei oer. Earder lekte in rapport út dêr't út bliken docht dat Almere mear kâns makket op in iisstadion mei de topsportstatus. Dat soe betsjutte dat de grutte toernoaien oan Thialf foarbygeane. De wedstriid tusken de iisstadions is noch oan de gong. Op 3 juny falt in definityf beslút. Op 5 juny folget in spoeddebat yn de steaten oft de provinsjale lobby goed genôch west hat.

De opposysje is kritysk op de lobby fan de provinsje, mar jout de hoop op in goede takomst foar Thialf noch net op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)