Unanym oer plan Boerestreek

22 maaie 2013 - 12:01

Foar de nije Boerestreek yn Appelskea hat in sjuery unanym keazen foar it ûntwerp fan Frans Beune. Der wiene trije ûntwerpen ynstjoerd. Hûnderten ynwenners, toeristen en ûndernimmers ha ek stimd. It plan foarsjocht yn in nij lang plein as skeakel tusken de Boerestreek en it Drents Friese Wold. Op it plein moat in klimtoer komme. It advys fan de sjuery wurdt nije wike tiisdei yn it kolleezje besprutsen. De gemeente wol fan it hjerst begjinne mei de werynrjochting fan de Boerestreek. It wurk moat klear wêze foar it toeristeseizoen fan 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)