Seksje op lichem deade Harnzer

22 maaie 2013 - 11:26

De plysje tinkt tongersdeitemoarn dúdlikheid te jaan oft de deade man dy't tiisdei yn Harns fûn waard, troch geweld om it libben kaam is. De útslach fan de seksje op it lichem waard earst woansdei ferwachte, mar dat slagget net. De plysje en it Nederlands Forensisch Instituut binne noch net klear mei it ûndersyk yn it hûs fan de deade man oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte. De trije fertochten, twa Harnzers en in frou út Makkum, wurde noch hieltyd heard. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de dea fan de 34-jierrige man.

De plysje is noch dwaande mei it hearren fan tsjûgen. Der wurkje 20 resjersjeurs oan de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)