Trije fytsedieven oppakt

22 maaie 2013 - 10:54

Yn Ljouwert en Drachten binne tiisdeitenacht trije fytsedieven oanhâlden. In 20-jierrige Ljouwerter waard op de Foarstreek yn de haadstêd trappearre. Op de Ikesingel yn Drachten hâlde de plysje twa Drachtsters fan 32 en 34 jier oan doe't se mei in falske kaai in fyts oan it stellen wienen. Ut ûndersyk die bliken dat de jongste noch wat boetes betelje moast. De âldste hie in boksbûgel by him. Tsjin de fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)