Eerde Beulakker is ferstoarn

22 maaie 2013 - 09:40
  • Eerde Beulakker

De bekende seesiler Eerde Beulakker is ferstoarn op 69-jierrige leeftyd. Hy hie de sykte ALS. Eerde Beulakker makke faak lange seereizen op syn skip de Taeke Hadewych. Dêroer skreau hy seis reisboeken.

Beulakker skreau ek in proefskrift oer de wettersport yn Nederlân. Ferline jier is er promovearre oan de universiteit fan Leiden. Hy wenne yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)