SAR-hely yn aksje op Noardsee

SAR © Omrop Fryslân
In SAR-helikopter út Ljouwert hat woansdeitemoarn in opfarrende fan in skip helle yn de Noardsee, sa'n 20 kilometer ten noarden fan Skylge. In Estlânsk skip wie ûnderweis fan Emden nei Vlissingen. In persoan wie fan in trep fallen. De bemanning rôp de help yn fan de Kustwacht. In dokter fan de KNRM konstatearre dat de man fan board moast en hat de SAR-helikopter oproppen. Dy wie mei de dokter ûnderweis nei it skip.