Tredde ferlies Aris yn Leiden

21 maaie 2013 - 21:58
  • Aris Ljouwert

Aris Ljouwert hat ek de tredde wedstriid om it kampioenskip fan Nederlân ferlern. Yn Leiden wûn de thúsploech mei 74-64. Yn it earste kwart gong de striid lykop: 18-18. Dêrnei hiene de Ljouwerter basketballers in minne rite. Yn krapoan sân minuten gong der by Aris gjin bal troch it netsje. Leiden rûn dan ek út nei 31-18. Healwei wie it gat noch tsien punten: 39-29. Aris kaam dêrnei wol tichteby, mar hieltyd hie Leiden in antwurd. Mei noch trije minuten op de klok stie it 64-61. De trijepunters fan Aris woene mar net falle.

Tongersdei is yn it Kealledykje wedstriid fjouwer. By winst is Leiden kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)