'Thialf makket noch kâns'

21 maaie 2013 - 21:11
  • In ympresje fan it nije Thialf

Reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF moatte de kommende wike it plan fan Icedôme yn Almere goed neirekkenje. Dan bestiet de kâns dat Thialf dochs noch de topsportstatus fan 2016 ôf krijt. Dat seit direkteur Jan Wageman fan Friso Bouwgroep út Snits. Friso is ien fan de bedriuwen dat it nije Thialf graach bouwe wol. De kâns bestiet dat de sifers fan Almere, mar ek Zoetermeer, te posityf beoardield wurde.

Friso foarmet mei boubedriuw Van Wijnen, arsjitekteburo Alynia en yngenieursburo Oranjewoud it konsortsium dat it nije Thialf graach bouwe wol. KNSB en NOC*NSF meitsje by it trochrekkenjen fan de plannen gebrûk fan ûndersyksburo Hypercube út Utrecht. In pear jier werom naam betelle fuotbalklup Heracles yn Almelo Hypercube yn de earm by it plan foar in grutter stadion. Neffens Wageman beoardielde Hypercube de sifers doe te roaskleurich. Uteinlik kaam it nije stadion fan Heracles der net. De kâns bestiet dat Hypercube ek de sifers fan Almere, mar ek Zoetermeer, te posityf beoardield, aldus direkteur Wageman fan Friso Bouwgroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)