Brânwachtauto te wetter

21 maaie 2013 - 20:54
  • De ljedderwein fan de boskbrânwacht

In ljedderwein mei oanhinger fan de boskbrânwacht is tiisdei by Lauwerseach oer de kop flein en yn it wetter telâne kaam. Oarsaak is nei alle gedachten in stjoerkorreksje, neidat de auto krekt efkes fan de dyk rekke. Ien persoan rekke ferwûne en is troch kollega's út de brânwachtauto helle. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In bergingsbedriuw hat de auto út it wetter helle en der binne oaljeskermen yn it wetter pleatst omdat de auto lekte. De dyk hat in oantal oeren ticht west foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)