Moasjes Caparis helje it net

© gemeente Smellingerlân
De moasje fan D66, SP en GrienLinks yn Smellingerlân foar it opstappen fan de kommissarissen fan sosjale wurkfoarsjenning hat it net helle. Yn in ekstra riedsgearkomste tiisdei wie it 16 stimmen tsjin en 12 foar. Foarige wike wie de stimming yn in haastberied 14 om 14. Dêrom moast der op 'e nij stimd wurde. Caparis kaam negatyf yn it nijs troch in rapport fan ûndersyksburo Bing, wêrby't tsjinstridige belangen fan âld-direkteur De Vreeze oan it ljocht kamen.
In moasje om it saneamde BING-rapport iepenbier te meitsjen foar riedsleden fan Smellingerlân helle it ek net.