Fryslân set bou Thialf troch

21 maaie 2013 - 16:51

Fryslân giet gewoan troch mei it fernijen fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma tiisdei witte litten op in parsekonferinsje. Moandei waard bekend dat yn in útlekt rapport stiet dat net Thialf, mar it nije iisstadion yn Almere it reedrydsintrum fan Nederlân wurdt.

De kommissaris hopet dat de KNSB him noch betinkt en dus giet yn april takom jier de earste peal fan in fernijd Thialf gewoan de grûn yn. De provinsje stekt dêr 50 miljoen yn.

De provinsje sil alle wetlike middels ynsette om it beslút yn it foardiel fan Thialf falle te litten. It offisjele beslút oer it tawizen fan de topsportstatus wurdt nije wike naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)