Tsjûgen fan mishanneling socht

21 maaie 2013 - 16:14

De plysje yn Wolvegea is op syk nei twa froulju dy't moandeitejûn mooglik tsjûge west hawwe fan in mishanneling op de krusing fan de Heerenveensewei en de Haadstrjitte-east. In 19-jierrige ynwenner fan Wolvegea woe om tsien oere hinne mei syn brommobyl de krusing oerstekke. Op dat momint sloech in ûnbekende man op it dak fan de brommobyl. It slachtoffer woe witte wêrom't de man dat die. Dêrop waard de eigener fan de brommobyl mishannele.

De plysje is op syk nei de fertochte, in man fan ûngefear 1.90 meter. Hy hie donkere klean oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)