Plannen Thialf binne it minst

21 maaie 2013 - 14:44

De beoardielingskommisje fan KNSB en sportkoepel NOC*NSF fynt it plan fan iisstadion Thialf om de topsportstatus te krijen, it minste fan alle trije gadingmakkers. It Icedôme Almere komt as bêste út de bus, mar ek it TranSportium yn Zoetermeer hat in bettere skoare.

De iisbaan yn Almere tinkt jierliks goed ien miljoen besikers te lûken, tsjin Thialf 450.000. Fierder kin it Icedôme yn Almere de fereaske tweintich iisoeren yn de wike foar langebaan, shorttrack en keunstriden fergees oanbiede. Zoetermeer en Thialf kinne dat net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)