Grutte renovaasje wyk Bilgaard

21 maaie 2013 - 11:47

Wenningboukorporaasje WoonFriesland kiest as eksperimint foar in hiele nije oanpak om in âlde wyk op te knappen. It giet om De Kei en Gealannen yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. WoonFriesland komt allinnich mei in pakket fan easken dêr't bedriuwen op reagearje kinne mei in foarstel foar de útfiering.

In konsortium ûnder oanfiering fan boubedriuw Dijkstra Draisma fan Dokkum hat de opdracht yn de wacht sleept. Under de namme wykbedriuw Bilgaard begjint it konsortium dizze simmer mei de renovaasje fan 330 huzen.

As it slagget moat dizze oanpak in foarbyld wurde foar in hiel soad oare stedswiken, mooglik troch it hiele lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)