Ferwûnen oanriding Aldhoarne

© ANP XTRA
By Aldhoarne binne moandeitemiddei trije minsken ferwûne rekke by in oanriding tusken twa auto's. Op de krusing fan de Alde Grinzerwei en de Aldeberkeaperwei kamen in 59-jierrige automobilist út Nijhoarne en in 76-jierrige automobilist út Noardwâlde mei inoar yn botsing.
De man út Noardwâlde en syn 71-jierrige frou sieten beknypt yn de auto en moasten troch de brânwacht befrijd wurde. Se binne beide nei it sikehûs yn Drachten brocht. De bestjoerder út Nijhoarne hat skouder- en nekklachten oerhâlden oan de oanriding.