Aksjes foar Thialf op ynternet

It nijs dat Thialf mooglik de status fan topsportlokaasje ferliest, soarget foar in soad diskusje op ynternet. Sa skriuwt reedrider Sven Kramer op syn Twitter:
'Schaatsmekka moet #Thialf blijven! Friesland=Schaatsen=Thialf'.
Op Facebook is der in spesjale side oanmakke: 'Thialf Moet Blijven'. Al 10000 minsken ha de side al 'liked'.
Ald-reedrydster Renate Groenewold reagearret ek op Twitter: 'Geen WC in Thialf vanwege financiëel risico. Hoe zit het met financiële onderbouwing Icedome? In Friesland ligt al 50milj klaar.' En Lutz Jacobi, Twadde keamerlid foar de PvdA, skriuwt: 'Lijkt me duidelijk dat KNSB kiest voor schaatshal #Thialf. Icoon in de wereld !! Staat voor plezier+warmte voor schaatsen!'
Op de webside schaatsen.nl fan reedridersbûn KNSB wurdt in poll hâlden. Mear as de helte fan de minsken hâldt fêst oan Thialf.