De Jong wint Stadskanaal

20 maaie 2013 - 17:24
  • Jannick de Jong

Jannick de Jong hat op pinkstermoandei de ynternasjonale gersbaanraces fan Stadskanaal wûn. De Jong kaam mei 20 punten yn de A-finale, konkurrint Dirk Fabriek mei 21. Op de nije baan yn Grinslân hie Fabriek de kopstart. Nei goed twa rûntsjes stode Jannick de Jong nei de lieding en gong Dirk Fabriek ûnderút. Op it poadium oan wjerskanten fan winner Jannick stiene Randy Oldenziel en Lars Zandvliet. Dirk Fabriek waard sânde. In dei earder hie Fabriek de beker en de blommen by in ynternasjonale wedstriid yn Teterow wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)