PVV wol spoeddebat oer Thialf

20 maaie 2013 - 17:15

Ek yn provinsjale steaten binne se bot skrokken fan it berjocht dat Thialf net it nije nasjonale topreedrydsintrum wurdt. De VVD en de PVV hawwe in spoeddebat oanfrege foar oankommende woansdei. As Thialf de topsportstatus kwyt rekket dan sil dat ek politike gefolgen hawwe, tinkt fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan de PVV.

Van der Galiën omskriuwt it ferlies fan Thialf as lokaasje foar ynternasjonale reedrydwedstriden mei 'in klap foar Fryslân'. Van der Galiën fynt dat deputearre Konst him it bêste beriede kin op syn posysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)