De Jouwer troch nei finale

De Jouwer is noch altyd yn de race foar in plak yn de sneinshaadklasse. Yn eigen hûs wûn de ploech fan Gerrie Schouwenaar mei 5-0 fan Presikhaaf út Arnhem. Dêrmei waard it 4-2 ferlies yn de earste wedstriid fuortpoetst.
Yn de finale fan de neikompetysje moat De Jouwer it opnimme tsjin Hoogeveen. Sy stride om liifsbehâld yn de haadklasse. Tongersdei is de earste wedstriid tusken beide ploegen yn Hoogeveen.