Jagers moatte bisten rêde

Alle wyldbehearôfdielings yn Fryslân binnne troch de Nederlânske Jagersferiening oproppen om de bisten te rêden dy't troch it hege wetter yn de problemen komme.
De wetteroerlêst hat net allinnich gefolgen foar minsken, mar ek foar hazzen, kninen, reeën en dassen. De jagers wurdt frege bisten eventueel mei boatsjes oer te bringen nei feiliger plakken. In jager hat as wyldbehearder ek de plicht om bisten te rêden fan in eventuele ferdrinkingsdea.