'Nije topiisbaan nei Almere'

20 maaie 2013 - 14:50

De KNSB en NOC*NSF kieze foar Almere as nij sintrum foar it top-reedriden. Mei dy konklúzje komt de NOS, op grûn fan in noch fertroulik beoardielingsrapport. It sintrum soe dêrmei oan It Hearrenfean foarby gean. In seleksjekommisje fan seis minsken fan KNSB en NOC*NSF hat de trije plannen besjoen dy't yntsjinne binne foar in nasjonale trainings- en wedstrydakkommodaasje foar it reedriden.

Neffens de kommisje hat Almere de measte kâns om út te groeien ta in echt topsportsintrum, ek soene de plannen dêr finansjeel it bêste ûnderboud wêze.

Neist Almere en It Hearrenfean wol ek Zoetermeer it reedrydsintrum graach hawwe. Tiisdeitejûn wurdt de kar offisjeel nei bûten brocht. De kar foar 'Icedôme' Almere soe betsjutte dat alle grutte ynternasjonale wedstriden mei yngong fan 2016 yn Flevolân hâlden wurde. Ek wurdt dy iisbaan dat it fêste trainingssintrum fan alle Nederlânske topriders. No hat Thialf noch dy funksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)