Minder ûngelokken by fytstocht

20 maaie 2013 - 13:58
  • Wiebe Idsinga, de lêste fytser fan 2012, passeart hjir Ljouwert

It tal ûngelokken by de fytsâlvestêdetocht leit leger as de ôfrûne jierren. Dat seit foarsitter Stephan Rekker. Wol binne yn Wyns in tal fytsers op elkoar botst. Dêrby binne ek minsken ferwûne rekke, hoefolle is net krekt bekend. In tal is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Earder hiene in pear fytsers in lekke bân omdat der by Arum punêzes op 'e dyk struid wiene. Meiwurkers fan de tocht hawwe dy sa gau mooglik opromme. Neffens Rekker hawwe ek op oare plakken minsken lekke bannen, dat komt omdat de diken wiet binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)