Twadde list bûnspartij bekend

20 maaie 2013 - 12:08
  • Keatsen telegraaf

De earste list fan de bûnspartij yn Frjentsjer is ferkeatst sûnder al te grutte ferrassingen. Alle favorite partoeren giene troch nei de twadde omloop. It favorite Sint Jabik hie net al te folle problemen mei Skettens-Longerhou en moat it yn de twadde omloop opnimme tsjin Easterein.

Berltsum wûn fan Ljouwert en keatst yn de twadde omloop tsjin Bûtenpost. Sint Anne wûn fan Wjelsryp en moat it yn de folgjende omloop opnimme tsjin Amsterdam. Minnertsgea wie te sterk foar Reduzum. De Minnertsgeasters hawwe op de twadde list in steand nûmer.

De twadde list fan de bûnspartij yn Frjentsjer:

2. Easterein - 3. Sint Jabik
6. Berltsum - 8. Bûtenpost
10. Skearnegoutum - 12. Dronryp
14. Hijum - 15. It Hearrenfean
17. Makkum - 20. Boazum
21. Britsum - 23. Eksmoarre
26. Sint Anne - 28. Amsterdam

30. Moarre/Ljussens - 31. Gaast/Ferwâlde
33. Bitgum - 35. De Pein
37. Tsjummearum - 40. Hartwert
42. Seisbierrum - 43. Frjentsjer
46. Boalsert - 48. Goutum
49. Goaiïngea - 51. Holwert
55. Easterlittens - 53. Deinum

57. Minnertsgea: steand nûmer

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)